Premiere Openluchtspel Opsterland 2014

  • Startdatum:
  • Einddatum:
  • Locatie: Sparjebird

Hemrik – De Stifting Iepenloftspul Opsterlân is yn juny 2014 werom yn it smûke teaterke yn de bosken fan Sparjeburd op de Himrik. Wy bringe dit jier in nij en komysk famyljestik: Wylde Grizen. De produksje hat in aktueel tema: fergrizing en krimp op it plattelân.

In groep âlderen hat syn nocht fan it geseur oer fergrizing en krimp op it plattelân. Al dy ferhalen oer spoekdoarpen wêr’t allinich mar begrutlike âldsjes wenje dy’t in bulte jild kostje. It is tyd foar aksje. Sy sille wol ris sjen litte hoe Vitaal Opsterlân echt is. It âlde protestbloed út de jierren sechstich brûzet wer troch de ieren. In lêst foar de mienskip? Skyt! De âldsjes komme út de tiid dat se harren mei neat rêde koenen. Gewoan, omdat der neat wie. De Wylde Grizen sille dat dy nijmoadrige ambtners en bestjoerders op De Sweach ris efkes goed yndruie. At dy skiters op it gemeentehûs harkje wolle, dan is it plattelân sa mar rêden!
Rezjy: Atze J. Lubach
Skriuwer: Els Busema
Oersetting: Keimpe Vlietstra

Data: 27 (première), 30 en 31 maaie en 4, 6, 7, 11 en 14 juny 2014
Plak: Sparjeburd, De Himrik
Oanfang: 21.00 oere

Kaartferkeap: Op ‘s webside (www.iepenloft-opsterlân.nl) of oan de kassa
fan De Skâns Sport en Cultuur op ‘e Gordyk; 0513 – 46 86 00.
De kaartferkeap set útein op 28 april 2014.
Entree: Folwoeksenen € 16,-; bern oant en mei 16 jier € 5,-
Meer ynformaasje: www.iepenloft-opsterlan.nl

openluchtspel 2014

voorbereidingen in Sparjebird voor het openluchtspel 2014

Deel dit bericht

Reacties zijn gesloten.