Yn desimber 2012 hawwe Jan Arendz en Marijke Geertsma nei 38 jier ôfskied nommen fan Tryater. Se giene lykwols troch mei it spyljen fan toaniel en dêrom stiene se dus yn 2014 fjirtich jier op de planken. Om dit te fieren komme se mei in sels skreaun stik oer in akteursechtpear, dat ek jubilearret. Dy akteurs hawwe harren sechtichjierrich jubileum, yn 2034. De man (Jan) wol it unike jubileum fiere, de frou (Marijke) hat der gjin nocht mear oan.
Dizze foarstelling is foar in part basearre op de stikken, dy’t se spile ha en dy’t harren in skat oan ferhalen oplevere ha. Tagelyk ha dy stikken ynfloed hân op har deistich libben, lykas it akteurwêzen dat ek hân hat. Ommers, se binne net allinne kollega’s, mar ek en foaral man en frou. En net te ferjitten heit en mem fan twa bern.
Dat allegearre hat ek de noadige ferhalen opsmiten.
Sa is ‘It Jubileum’ suver in kronyk wurden, net alllinne fan it (toaniel)libben fan in akteursechtpear, mar ek fan it Fryske kulturele libben, fan it feroarjende Fryslân.
In kronyk fan it libben tusken 1974 en no, mar ek alfêst fan it libben – harren libben – tusken no en 2034.
De rezjy fan ‘It Jubileum’ is yn hannen fan Bruun Kuijt, dy’t ek ‘Sterk Staaltsje’ regisearre hat. ‘It Jubileum’ wurdt spile yn al dy sealen en sealtsjes, dêr’t it jubilearjende echtpear Jan Arendz en Marijke Geertsma de ôfrûne fjirtich jier spile hat.
Sjoch op www.jmteaterwurk.nl
‘It Jubileum’ is te sjen op 30 jannewaris om 20.00 oere yn MFC De Swingel yn Wynjewâld.
Benut deze laatste kans om deze voorstelling te bezoeken: een aanrader voor liefhebbers van Frysk toneel.
Kaarten aan de zaal of in de voorverkoop via de mail: pdekroon@wxs.nl
of per telefoon: Pieter de Kroon, 06-12996778
Het is ook mogelijk kaarten in de voorverkoop te kopen bij u aan de deur, als medewerkers van de Swingel langskomen voor het innen van uw bijdrage als ‘Vriend van de Swingel’
Toegangsprijs € 12,50, voor Vrienden van de Swingel € 10,-.