Junglekoarts – Iepenloftspul Sigerswâld

It is mar ien kear yn ‘e fiif jier doarpsfeest yn Sigerswâld. Oare jierren stean we gewoan rêstich mei beide fuotten op ‘e grûn. Der sit dan ek net ien te wachtsjen op in iepenloftspul mei djippe lagen en drege ûnderwerpen.
Wolnee! As it hjir feest is, moat it gean oer minsken lyk as do en ik. Of yn elk gefal oer minsken sa’t wy dy mar al te goed kinne.

Nim no bygelyks famylje Van der Veer. De freondinnen fan Leonora fiere fakânsje yn eksoatyske oarden, dat sy kin net achterbliuwe fansels! Dêrom reizget de hiele famylje ôf nein Súd-Amearika. Goed en wol te plak yn it sjarmante stêdsje -net fier fan harren lúkse fiif-stjerrenhotel- kriget Leonora spul mei de kolonel fan it leger fan de presidint. Dat rint sa út ‘e hân dat se flechtsjen moatte foar de milysje en sa komme se yn de jungle telâne, wêryn’t se fansels hopeleas ferdwale….

Se dogge bot harren bêst om it paad werom te finen, mar al gau docht bliken dat dát net de grutste soarch yn it tige grutte en gefaarlike oerwâld is.

Dit aventoer fynt plak op in skitterende lokaasje:
Camping De Sieghorst
Binnenwei 40 yn Sigerswâld

Spyldata:

  • Woansdei 26 juny
  • Tongersdei 27 juny
  • Freed 28 juny

Oanfang: 20.30 oere

Kaartferkeap:
Der binne twa mooglikheden om kaarten foar Junglekoarts te keapjen:

  • troch te mailen nei junglekoarts@gmail.com (tink om de fryske spelling!)
    Hjir krije jo ynformaasje oer it beteljen en de reservearring fan de kaarten.
  • of oan de kassa fan AROB Antennebouw, Foarwurk 39/k yn Sigerswâld.

Yntreeprizen:
Folwoeksenen: € 12,50
Bern o/m 16 jier: € 7,50

 

Deel dit bericht

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *