Café Leffertshutte anno ca. 1935

HF Weinterp Durk Leffertshutte 1935-1

‘Weg Wijnjeterp’ staat aangegeven op de gevel om de trampassagiers duidelijk te maken waar men is. In 1935 was het station van Wijnjeterp flink groter gegroeid. Na de oorlog van 1940-45 is het bergafwaarts gegaan met het spoor. Eerst werd het personenvervoer afgeschaft en in 1962 was het ook gebeurd met het vrachtvervoer. Het stations gebouw ging verder als vermaard dorpscafé Leffert Blaauw die naast caféhouder ook als postbode dienst deed. Na hem zijn er meerdere uitbaters van het café geweest. Anne Jansma, een voormalige Wijnjeterper, pimpte het wat verouderde gebouw rond 1960 op tot een moderner etablissement. De naam ” Leffertshutteˮ is toen pas ontstaan. Na periodes van Ups & Downs is het karakteristieke gebouw in november 1979 roemloos ten onder gegaan na een felle brand en niet herbouwd. Naast het gebouw staat nog het huis van Andries Dijksma dat al eerder is afgebroken.

In april 2015 schreef Henk Hansma in de Bân over de Leffertshutte:

Wa wie Leffert Blaauw?

Leffert Blaauw is berne op 18 maart 1888 yn De Himrik en wie de soan fan Klaas Hendriks Blaauw en Geeske Jacobs de Jong. Op 27 maaie 1915 boaske hy mei Evertje Jans Jansma, berne op 13 novimber1888 yn Donkerbroek. en dochter fan Jan Jansma en Grietje Stoker.

Nei harren houlik op 27 maaie 1915, hienen se earst in kafeetsje oan de Weinjeterper Kompanjonsfeart mar doe’t de tramwei fan de Gordyk nei Easterwâlde yn 1917 oanlein waard besleat Leffert in nij kafee te bouwen oan de  trambaan. De trambaan lei efter it kafee lâns wylst de Haadwei (no Weinterp) foar it kafee lâns rûn.

It echtpear krige 6 bern. In libbenleas berntsje yn 1915, Klaas (1916), Jan (1918), Geeske (1919), Gryt (1920) en Albert (1922).

Leffert  spile fioele en wie dûnsmuzikant fan hûs út. Hy spile op alle feesten yn de omkriten en liet wol gauris syn fioele earne hingje. As hy dan wer frege waard moast er earst wer neigean wêr’t hy it lêst spile hie en helle dan it ynstrumint dêr wei. It kafee dat er bouwe liet wie wat lúkser as Kafee Bergsma (It houten Himeltsje) en oare kafeetsjes dy’t oan de feart stienen.

‘The Family Band’

Omdat syn hert dôchs mear lei by it spyljen woe der ha dat syn bern ek spylje leare soenen om him te begelieden. We prate dan oer leeftiden dat se noch nei de legere skoalle gienen. Klaas de âldste, koe der earst neat fan en begeliede yn it begjin mar mei wat akkoarden op de  piano en letter op de  akkordeon, Jan op de fioele en Geeske op de piano.

Dat gie yn it earst somtiden wol wat mâl. Se soenen optrede by Meestringa yn Duerswâld, mar der wie gjin piano. Doe moast Klaas mar in akkordeon liene by Ids van der Molen, de klavier fan de piano wie dôchs lyk oan dy fan de akkordeon fûn heit. Lokkich mocht dat en sa ha se spile yn Duerswâld,

Letter koe Klaas ien keapje by Dantuma op de Gordyk. Mei dizze is it net sa goed ôfrûn. Doe’t se wer ris by Meestringa optrede moasten en Klaas dat ding efter op de fyts hie yn in doaze, (it frear dat it kreake) rekke de riem los troch it skodzjen en dondere dat ding fan de fyts en… yn twa stikken. Wer moast hy ien leane, no by Zandstra yn Hoarnstersweach. Yn it roettsjuster oer de heide en de wiken del. Hy mocht him samar meinimme en krekt foar it dûnsjen wie er werom en koe mei spylje.

Doe’t de bern wat grutter waarden krigen se in offisjele namme ‘The Familieband’  Leffert (fioele), Klaas (akkordeon) Jan (trompet), Albert (trompet, sjonger en drummer) Geeske (piano) en Gryt (saksofoan). Mar ûnderling wikselen se ek wol.

Se waarden faklju en rekken oeral bekend, wylst Leffert in soart fan manager waard foar syn bern. Oeral spilen se en waarden frege en hierden in auto om oeral te kommen.

Yn 1939 rekke de fleur derút en yn de besettingstiid wie it foarby foar de band.

De bern setten ôf en gienen harren eigen gong.

Besketten

It kafee moast no allinne it ynkommen opbringe foar Leffert en it gesin. Dat wie betiden tige goed en dan wer striemin. In tsjinfaller wie doe’t it kafee oan it ein fan de oarloch 22 february 1945 troch in Ingels fleantúch besketten waard (der stie in Dútsk fehikel) en hast alle dakpannen wienen stikken en grutte gatten yn de muorren. Syn frou Evertje waard troch in kûgel yn de rêch rekke en rekke ferwûne.  De buert krige ek de skrik fan harren libben en sochten by de sjitterij dekking ûnder de tafels en yn de kelder. Jappie Bakker, de bakker kaam sels fan skrik mei de kont yn de molkepanne telâne. Hy sil it wol net mear opdronken ha tink ik.

Mar grut wie de skea by en oan de Leffertshutte wêr’t Leffert sels foar opdraaie moast. De strjitte foar it kafee like wol in gatsjepanne, safolle kûgels sieten der yn.

Ungefal

Tichtby de Leffertshutte hat ek noch in bysûnder ûngefal pleatsfûn. Yn de begin jierren tweintich is ien fan de bern, Anna hiet se, fan de famylje Gerrit Rooks  ûnder de tram rekke en oerriden.

Mem Eltje (Elske) stie by de sleat te waskjen wylst Anna oan de oare kant by de tramrails stie te sjen wat mem dêr oan de sleatskant stie te dwaan. Se rûn efter út, krekt doe’t de tram, dy’t yn de bocht altyd ôfremje moast, der oan kaam. Mem seach it barren, it famke krige in tik fan de lokomotyf en foel tusken de rails del.

Se raasde it út: ‘Lizzen bliuwe  Anne.., lizzen bliuwe….lizzen bliuwe…!!! Se sloech de hannen foar har gesicht om mar net te sjen wat er fan har berntsje wurde soe.

De tram dindere fjirder en remme doe ôf. Efter de tram lei in lyts famke, stil  tusken de rails, der wie neat wat noch op libben like.

Heit Gerrit dy’t oan it wurk wie, seach har ek lizzen en rolle út ferbjustering in bal nei har ta, dy der lei en rop: ‘pak de bal Anne, toe dan!!!‘.

Ynienen kaam der beweging yn it heapke klean en it fjouwerjierrige famke kaam oerein en noch dûzelich fan de klap rûn se gûlend nei de bal ta en pakte dy op…… Sy libbet !! Sy libbet !!!!

Mem Eltje Rooks-Oosterloo koe de hannen foar har gesicht weihelje en hat har dochter fêst tige patte en oankrûpt. Mei trienen yn de eagen sei sy: ‘myn famke, myn famke!!. It is wier in wûnder datst noch libbest, God is ús genedich.’

Der binne dôchs noch wûnderbaarlike dingen yn dizze wrâld.

De famylje Gerrit Rooks hat letter by it oantal bern dy’t se al hienen ek noch in twilling, Siepie en Jannie, fan de famylje Jan From yn hûs naam en grut brocht. Harren mem wie betiid weirekke en de bern moasten holpen wurde. Dat dienen Gerrit en Eltje yn harren grutte gesin mei leafde.

Op 22 oktober 1945 kaam Leffert syn frou  Evertje Blaauw-Jansma te ferstjerren.  Miskien hat dat wol de trochslach dien by Leffert, it kafee is ferkocht en Leffert de muzikant en kafeehâlder is fuort gien en op 10 augustus 1960 yn Haarlem stoarn.

De Leffertshutte is noch troch in oantal famyljes as kafee eksploitearre west. Mar nimmen fan de famyljes Althuis, Oosterhof, Kooistra of Thiescheffer ha der in goed rinnend bedriuw fan meitsje kind.

Op freed 9 novimber 1979 is de Leffertshutte om 10 oere yn de brân rekke en ôfbaarnd. Foar de brân wie troch ynbraak al in part fan de drank troch ûnbekenden master makke krekt as de hinnen, dy’t op it hiem omrûnen. De rest fan de drank is troch de polysje meinommen en opslein op it polysjeburo.

 

Deel dit bericht

1 reactie

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *