Toanielselskip De Waldploech út Waskemar spilet “De blost fân Bûtenpost”

  • Startdatum:
  • Einddatum:
  • Locatie: Dorpshuis Waskemeer

It ferhaal giet oer in blost fan in fint, dy’t mient dat hy alles is en noch nea in slach ferlern hat. Ruurd Koopmans seit dat hy kampioen yn boksen is, mar foar it kampioenskip ligen en bedrigen komt hy earder yn oanmerking. Syn sweager Ingelbert sjocht mar bot tsjin him op. Ingelbert is in suertsje sûnder kont yn de broek, hy hat yn syn houlik de moedfearren allang hingje litten. Hy hat dan ek neat yn te bringen by Alberta, in bekstik dy’t de mûle altyd oant de earen ta iepen hat. Wannear Ruurd Ingelbert yn betrouwen nimt en syn geheim ferklapt gean ek Ingelbert de eagen iepen. En ien gek makket mear gekken. It libben kin sa’n stik moaier wêze nei al harren snoade plannen, temear omt Ruurd syn suske de beide mannen stipet. Sy docht sich foar as dat se net sa tûk is, mar it docht bliken dat sy it brein efter al dy leagens en efterklap is. Mar soenen de mannen dit wol foarelkoar bokse sûnder dat der echte klappen falle? Soenen se wol genôch rekken hâlde mei harren tsjinstanders. Skoanmem Gryt is gjin swiergewicht mar wol in gefaar. Har sprekwurden slagge mannichien knock-out. As komt it gefaar miskien wol út in oare hoeke? Al mei al wurdt dit in spannende wedstriid wêrt úteinlik it publyk de grutste winner wurde sil.

De spyldatums binne freed 14, sneon 15, freed 21 en sneon 22 febrewaris 2020, wy begjinne fan ôf 20.00 oere.
Sneon 15 en 22 febrewaris hawwe wy live muzyk.
De útfierings binne yn it Atrium fan it doarpshûs “It Ald Leger” te Waskemar.

Kaarten binne te keap by famylje Sikkema, Wijndelsweg 6, Waskemar.
Tel. 0516- 421273.
Fanôf 6 febrewaris ôf, tusken 17.00 en 19.30 oere.

Deel dit bericht

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *